Peaskefjoer yn Elslo

© Omrop Fryslân
Yn Elslo is neffens tradysje wer in Peaskefjoer ôfstutsen. De bulte mei tûken waard de ôfrûne dagen opboud. Sneintejûn wienen it de eigner fan it lân dêr't de bulte leit en syn soantsje dy't it fjoer oanstutsen. Der wie in soad publike belangstelling.
Op meardere plakken yn Nederlân koe dit jier gjin Peaskefjoer hâlden wurde, omdat it lân te wiet wie om materiaal foar de bulte oan te fieren.