Froulju Cometas winne Jupiter

© Omrop Fryslân
De froulju fan hânbalferieniging Cometas út Ljouwert hawwe de Jupiter Cup wûn. Yn de finale wûnen sy mei 10-7 fan RKSV_St._George út Spierdijk.
By de manlju koe Stiens de titel net prolongearje. De haadklassers ferlearen fan it Dútske Ruhmetal. De Dútsers begûnen better en pakten in 7-1 foarsprong. Stiens kaam wol goed werom, mar fierder as de 11-8 einstân kaam Stiens net. De Jupiter Cup is in ynternasjonaal toernoai yn Frjentsjer.