Rydbewizen bromfytsers ynnaam

23 mrt 2008 - 13:06

De plysje hat dit wykein it rydbewiis fan in 16-jierrige jonge út Heech ynnaam omdat er yn Snits mei tefolle drank op in brommer bestjoerde. De jonge foel de plysje op omdat er sûnder helm ried.

Ek de 19-jierrige bestjoerder fan in snorfyts moast syn rydbewiis ynleverje omdat er tefolle dronken hie. Hy waard troch de plysje betrape op de Tunen yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)