Oanholden foar fernielings

23 mrt 2008 - 13:02

In jonge fan 20 jier út Hommerts is dit wykein troch de plysje oppakt omdat er yn in hoarekagelegenheid yn Snits saken fernield ha soe. De man waard troch in omstanner oanhâlden en dêrnei oerdroegen oan de plysje.

Dêrby bedrige er de omstanner en misledige er de plysje. Ek fernielde er in rút fan in plysje-auto. De jonge is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)