Fernielings yn Boarnburgum
Fan in tal auto's dy't parkeard stiene yn de Van Apeldoornwei yn Boarnburgum binne dit wykein de spegels fernield. Ek waarden acht stiennen kabouters út in tún yn de strjitte stikken smiten.
Neffens de bewenners binne de saken fernield troch jongerein. Dy soene wol faker saken yn de strjitte ferniele neidat se jûns op stap west ha.