CAO-akkoart foarlein oan leden

23 mrt 2008 - 09:34

De fakbûnen lizze tiisdei it CAO-akkoart yn de lytsmetaal foar oan har Fryske leden. Moarns is der in byienkomst yn Ljouwert, middeis op it Hearrenfean. De leden meie har útsprekke oer it akkoart en bepale dan ek oft der noch nije aksjes komme.

Yn de lytsmetaal waard de ôfrûne fjouwer wiken geregeld staakt foar in nije CAO. Ofrûne freed binne de wurkjouwers en de bûnen in akkoart oerien kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)