'Undersyk hikke om De Deelen'

22 mrt 2008 - 13:38

De CDA-steatefraksje wol in ûndersyk nei alternativen foar in hikke om natuergebiet De Deelen hinne. De hikke komt der as proef om foar te kommen dat jonge skiere guozzen noch langer frette op it boerelân.

Dêrtroch moat it tal guozzen yn it natuergebiet by Aldeboarn ôfnimme. De CDA-fraksje is benaud dat der aanst jonge guozzen fan de honger stjerre en hat oan de bel lutsen by Deputearre Steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)