Tsjûgen socht fan rúzje

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in rúzje. In autobestjoerder en in bromfytser krigen op 29 febrewaris op it fytspaad tusken Ychten en Eastersee spul. De autobestjoerder seit dat de bromfytser in dûk yn syn auto skopte, nei't er syn wein yn de bjirm parkeard hie.
Neffens de bromfytser stie de auto stil, koe er der net lâns en rekke er mei syn foet de auto. De bestjoerder soe him doe by de kiel pakt ha en syn bromfyts omsmiten ha.