Brânstifting yn Ljouwert

22 mrt 2008 - 13:01

Unbekenden ha freedtejûn besocht in wenning oan de Eigen Brood Bovenal yn 'e brân te stekken. De bewenster (21) ûntduts tsjin midsnacht dat ien baarnende folders en kofjefilters troch de brievebus smiten hie.

Dat soarge foar in lytse brân yn de gong. In pear wiken lyn wie dit ek al in kear bard. Doe stie de hiele gong yn de brân. De plysje docht sneon in buertûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)