Rydbewizen yn beslach naam

© Omrop Fryslân
By ferskate alkoholkontrôles yn de provinsje hat de plysje freedtejûn seis rydbewizen yn beslach naam. Mei inoar waarden tweintich bestjoerders betrape op it riden mei drank op.
In 21-jierrige man út Snits moast net allinnich it rydbewiis ynleverje, mar krige ek proses-ferbaal foar wapenbesit. De man hie in stroomstjitwapen en in mes by him. Ien autobestjoerder kearde gau. Hy koe lykwols klemriden wurde.