Tocht lâns opsletten yllegalen

22 mrt 2008 - 12:23

It Vluchtelingencollectief Friesland hat freed in tocht makke lâns de plakken yn Nederlân dêr't yllegalen opsletten sitte. It kollektyf frege mei de tocht omtinken foar yllegalen, dy't yn finzenissen wachtsje op in beslút oer har asyloanfraach.

By de finzenis yn Zaandam waarden roazen oanbean oan de yllegalen, by it útsetsintrum op Schiphol waarden fakkels oanstutsen. It wie freed anti-rasisme-dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)