Wer ferlies Cambuur

21 mrt 2008 - 23:01

Cambuur ferlear freedtejûn op eigen fjild mei 2-0 fan FC Den Bosch. It wie it âlde lietsje by de Ljouwerters: de kânsen waarden net benut en de tsjingoals te maklik fuortjûn. Kerst Hofman passearde yn de 10e minút eigen keeper Van der Vlag: 0-1.

Chris de Wagt lei yn de 40e minút de bal panklear foar de ynkommende Van der Biezen: 0-2. Cambuur stiet no 18e mei 32 punten út 34 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)