Nederlân oan de lieding by JWC

21 mrt 2008 - 18:05

De kuorballers fan Nederlân en Ingelân ha nei trije wedstriden de lieding yn groep 1 fan 'e Junior World Cup. Beide ploegen ha op dit wrâldkampioenskip kuorbaljen oant 19 jier yn Ljouwert alle trije wedstriden wûn.

Yn groep 2 binne der trije koprinners: België, Sinees Taipei en Dútslân mei 4 punten. It talinteteam fan it distrikt Noard wurdt mei 6 út 3 bûten de stân hâlden. It toernoai duorret noch oant en mei Peaskesnein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)