Ynspeksje flotlutsen Artemis

© Omrop Fryslân
Skeaynspekteurs besjogge freed it skip De Artemis fan in rederij út Snits. It skip rûn oardel wike ferlyn fêst op in strân yn West-Frankryk. Troch it stoarmwaar wie it út 'e koers rekke. It skip is tongersdei flotlutsen, neidat der in grut bassin groeven wie. en it ekstra heech wetter wie.
De fersekeringsmaatskippij lit besjen wat de skea is. It is noch net dúdlik oft it skip dêrnei fuortendaliks weromkomt nei Nederlân.