Krityk op Nijpels oer Wilders

Kommissaris Nijpels moat him distansjearje fan 'e oprop om sneon te demonstrearjen tsjin Wilders. In kommissaris moat boppe de partijen stean. Dat fynt CDA steatelid Algra en in grut part fan syn fraksjegenoaten.
De organisaasje Nederland Bekent Kleur hâldt sneon yn Amsterdam in demonstraasje tsjin Wilders. Nijpels stipet de demontraasje net, mar fynt it wol goed dat der demonstrearre wurdt, seit in wurdfierster fan him.