Auto yn sleat by Boyl

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Boyl is tongersdei by Aldeberkeap mei syn auto yn 'e sleat bedarre. De man waard net goed, rekke dêrtroch de macht oer it stjoer kwyt en ried in sleat yn.
Omstanners koenen de man út de auto helje. Hy is nei it sikehûs brocht foar ûndersyk. Syn frou, dy't neist him siet, koe pas út de auto komme doe't dy op 'e kant lutsen wie. Sy rekke net ferwûne.