Marc Mboua net tsjin Den Bosch

21 mrt 2008 - 10:52
  • Sandor van der Heide stiet tsjin Den Bosch wer yn 'e basis

Cambuuroanfaller Marc_Mboua spilet freedtejûn net tsjin FC_Den_Bosch. De Kameroenees is blessearre oan de knibbel. Syn plak yn it alvetal sil ynnaam wurde troch Sandor van der Heide. De Snitser is wer fit nei in rêchblessuere.

Op it plak fan Rick_Hooijboer, dy't it ankel brutsen hat tsjin Volendam, spilet Kerst_Hofman. Fierder beskikt trainer Jurrie_Koolhof oer in fitte seleksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)