Deadlik ûngelok by Baard

21 mrt 2008 - 06:23
  • De auto yn de sleat by Baard (foto Jaring Rispens)

By in ûngelok op de Fâldenserwei tusken Baard en Mantgum is yn de nacht nei freed in frou út Jorwert (31) om it libben kaam. De frou rekke troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en ried dêrnei mei de auto de sleat yn.

De brânwacht fan Mantgum en ambulânses waarden ynset om de frou te helpen, mar dy koenen net foarkomme dat se op it plak sels oan har ferwûnings ferstoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)