'Hegeskoallen sille fusearje'

20 mrt 2008 - 21:36

De trije hegeskoallen yn Ljouwert sille op termyn de gearwurking fierder yntinsivearje of sels fusearje. Dat tinkt skiedend foarsitter Frans Kuipers fan it kolleezje fan bestjoer fan de Noordelijke Hogeschool. Hy naam tongersdei offisjeel ôfskied.

Yn syn perioade hat er him benammen dwaande hâlden mei it goed yn de merk setten fan de NHL. It slagge lykwols net om de trije Fryske hegeskoallen by inoar te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)