Sleat krijt wachtsteger

© Omrop Fryslân
Yn Sleat wurdt ein dizze moanne in wachtsteger oanlein. Doel dêrfan is om de feiligens en de oersichtlikens by de brêge yn it sintrum fan de stêd grutter te meitsjen. De wachtsteger wurdt 50 meter lang.
Der komt ek in túchsteger yn de Sleattemer_Mar. Lytse sylskippen kinne dêr op- en ôftuge, as se fanwege drokte yn it Sleattemer_Gat eefkes wachtsje moatte. Ein april moatte se klear wêze.