Eask saak-Ooms: 20 jier en TBS

Hege straffen easke tsjin de fertochten yn de saak-Ooms
Tsjin de haadfertochte (22) yn 'e saak-Ooms is 20 jier sel en tbs mei twangferpleging easke. De man wurdt derfan fertocht dat er oardel jier ferlyn Marinus_Ooms út Haulerwyk om it libben brocht hat. De twa oare fertochten hearden tolve en tsien jier sel mei tbs en twangferpleging tsjin harren easkjen.
De haadfertochte ûntkent en seit dat de oare twa him de skuld yn de skuon skowe wolle.