Artemis flotlutsen

20 mrt 2008 - 17:52

It skip de Artemis dat op de Frânske kust by de stêd Les Sables d'Olonne fêstrûn wie, is wer los. It skip rûn tsien dagen lyn oan de grûn op it strân, doe't it ûnderweis nei de haven wie. It wie yn in stoarm út koers rekke.

Der is trije kear earder besocht om de Artemis flot te lûken, mar dat mislearre hieltiten. Tongersdei slaggen twa sleepboaten der wol yn om it skip fan it strân te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)