Wein mei asbest poater

Om sa'n oplizzer soe it gean
De gemeente Kollumerlân is op syk nei in oanhingwein mei materiaal dêr't mooglik asbest yn sit. De oanhinger is it lêst sjoen op de Foarwei yn Kollumersweach. By kontrôle die bliken dat de wein fuort wie.
De gemeente wol witte wêr't er keard is, omdat asbest fansels gefaarlik materiaal is, dat goed ferwurke wurde moat. De gemeente is benaud dat it asbest yllegaal fuortwurke wurde sil.