Ljouwerter binnenstêd feiliger

Besikers dy't har meardere kearen misdrage yn de kroech, krije yn Ljouwert mooglik in tagongsferbod foar alle kafees yn de binnenstêd. Dêrneist kin sa'n persoan ek in strjitteferbod krije.
De gemeente Ljouwert wol mei dy maatregels it útgeansgeweld yn de stêd weromkringe. Boargemaster Ferd_Crone makke de plannen foar it feiliger meitsjen fan de Ljouwerter binnenstêd tongersdei bekend.