Jorritsma offisjeel beneamd

Jorritsma wurdt 16 maaie ynstallearre
Op 16 maaie folget de VVD'er John Jorritsma syn partijgenoat Ed_Nijpels op as Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. It kabinet hat dat tongersdei besletten.
Provinsjale Steaten makken ferline wike bekend dat de 51-jierrige Jorritsma neffens har de bêste kandidaat is foar de funksje. Hy is no direkteur fan de Brabânske ûntwikkelings Maatskippij. Jorritsma is berne yn Boalsert.