Flinke winst foar Agrifirm

© Omrop Fryslân
Feefoerfarbrikant Agrifirm hat yn 2007 in winst makke fan 22 miljoen euro. Agrifirm hat ûnder oare in fabryk yn Drachten dêr't fretten foar kij makke wurdt. Benammen dat ûnderdiel hat foar de hegere winst soarge.
Omdat Agrifirm in koöperaasje is, giet in grut diel fan de winst werom nei de leden. Dy krije mei-elkoar mear as 11 miljoen útbetelle. By Agrifirm binne 15.000 boeren oansletten.