Swierferwûne by Itens

20 mrt 2008 - 14:27
  • De swierferwûne wurdt út de auto helle (foto Jaring Rispens)
  • De auto sit hielendal ynelkoar

De bestjoerder fan in buske is tongersdei swier ferwûne rekke by in ûngelok by Itens. De man rekke troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en ried tsjin in beam. De helpferlieningstsjinsten rieden massaal út om de man te helpen. Ek waard de traumahelikopter ynset.

It duorre mear as in oere foardat de man út 'e auto helle wie. Hy is dêrnei ûnder plysjebegelieding nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)