Ankers op H'fean-tv-kanaal

20 mrt 2008 - 11:28

De bruorren Anker binne dizze wike op it tv kanaal fan Sportclub Hearrenfean begûn mei in moanlikse column. Yn dy column jouwe de advokaten út Akkrum, dy't grutte fans binne fan It Fean, har fyzje op de club, foaral oangeande it earste alvetal.

De Ankers wienen yn febrewaris foar it earst te sjen op it Hearrenfean kanaal. Dat befoel doe sa goed dat de makkers fan Hearrenfean-TV de broers foar elke moanne frege hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)