'Professoaren' wurde opknapt
Museum Martena yn Frjentsjer krijt jild foar de restauraasje fan trettjin fan syn professoareportretten. It jild komt fan de Wassenberg-Clarijs-Fontein Stichting. De stichting betellet 75 prosint fan de restauraasjekosten. It museum siket noch subsidiïnten foar de rest fan it bedrach.
It Museum Martena hat 100 professoare- portretten. Doel is dy de kommende fiif jier te restaurearjen. De 13 fan no binne der it minst oan ta.