Poiesz nimt C1000 oer
Poiesz nimt de C1000-supermerk yn de wyk Westeinde yn Ljouwert oer. It tal Poieszsupermerken komt dêrmei op 49. De oername is begjin maaie, Poiesz hat dêrnei in oantal wiken nedich om de supermerk om te bouwen.
Alle meiwurkers geane mei oer. Sy krije yn oare filialen fan Poiesz in oplieding, foardat se yn de nije fêstiging oan 'e slach kinne.