Driichbrief yn Koartehimmen

© Omrop Fryslân
In tal buorlju fan it eardere sintrum fan de Woodbrookers yn Koartehimmen hat in driichbrief krigen. Yn it brief stiet dat de buorlju wat oandien wurdt as der gjin opfang foar jongeren yn it sintrum komt. De buorlju binne tsjin dy opfang.
De driichbrief is ûndertekene mei JHF, wat stiet foar Jeugd Hulp Fryslân. Dy organisaasje seit neat mei de brief te krijen te hawwen en him der fan de distansjearjen.