Nije kuorbalclub: Pallas '08

20 mrt 2008 - 07:32

De Ljouwerter kuorbalclubs Friso en Rapiditas gean tegearre fierder ûnder de namme Pallas '08. Dat ha se woansdeitejûn bekend makke. De nije namme waard doe ûntbleate troch wethâlder Florijn fan Ljouwert.

Friso en Rapiditas ha besletten ta in fúzje om de ûntwikkelings yn de sport better oan te kennen. De nije club krijt 200 leden en spilet op de fjilden fan sportcomplex Nijlân. De fúzje giet op 1 july yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)