Ald stekje nei Fiskershúske

Museum 't Fiskershúske yn Moddergat hat in bysûndere skinking krigen. It giet om in stekje fan hout dat bedoeld is om om in blombak te setten. It stekje is fersierd mei snijwurk.
It stekje waard makke troch ien fan de bruorren De Haan, dy't yn 1883 mei 81 oare fiskers om it libben kamen troch in stoarm. It museum hat it stekje krigen fan in frou út Grins nei oanlieding fan in tentoanstelling oer de ramp yn 1883.