Van Ruiten net yn heger berop

19 mrt 2008 - 22:34

Anoreksia-pasjinte Saskia van Ruiten fan Ljouwert start in boaiemproseduere tsjin fersekerder Univé. De rjochtbank yn Ljouwert oardielde in moanne lyn dat Univé har behanneling yn Sweden net hoecht te beteljen, om't der gjin bewiis is dat dizze effekt hat.

Van Ruiten wol net yn heger berop, om't dat te koart duorret om djip op de saak yn te gean. Mei in boaiemprosdure binne de kânsen grutter om de saak te winnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)