Ambulânsepost yn Stiens

19 mrt 2008 - 21:56
  • It tydlike plak fan de ambulânsepost

Der komt in nije ambulânsepost yn Stiens yn plak fan de post yn Sint Anne. Dy gie koartlyn ticht en de ambulânses moasten dêrom út Ljouwert wei komme, mar fanút Stiens binne de oanrydtiden yn noardwest-Fryslân koarter. Ek kin de ambulânse ynset wurde yn Ljouwert, as it dêr drok is.

De ambulânsepost yn Stiens sit foarearst tydlik oan de Seeduker op it bedriuweterrein. Ljouwerteradiel moat noch in fergunning ôfjaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)