Jild moat Noorderlicht rêde

de eksposysje fan ferline jier gie oer it leauwen
De provinsjes Fryslân en Grinslân en de stêden Ljouwert en Grins jouwe finansjele stipe oan de fotomanifestaasje Noorderlicht. Sûnt acht jier fynt dizze ynternasjonale foto-eksposysje ôfwikseljend plak yn Grins en Ljouwert.
Noorderlicht hat in tekoart fan goed 4 ton. De provinsjes en gemeenten sille dêrom harren subsydzjes earder útbetelje. Dêrtroch kin it personeel fan Noorderlicht betelle wurde.