Kattefrou moat 50 katten kwyt

Frou Claus krijt oant novimber de tiid om fan goed 50 katten ôf te kommen
Jacqueline Claus fan Sint Anne krijt fan de gemeente oant 1 novimber de tiid om it tal katten yn har hûs werom te bringen ta tsien.
Yn har yllegale katte-opfang It Poezenparadijs oan de Aldebiltdyk hâldt de frou no goed 60 katten. Buorlju kleie oer stonkerij en lûdsoerlêst. At frou Claus foar novimber net op syn minst 50 katten earne oars ûnderbrocht hat, moat sy in twangswom fan 5000 euro betelje.