Krúsweistaasjes yn Wytmarsum

ien fan de skilderijen fan Koert Linde
Yn de katolike tsjerke fan Wytmarsum binne krúsweistaasjes ophongen fan keunstner Koert Linde. It binne 14 skilderijen mei dêrop útbylde de lijenswei fan Jezus. De skilderijen binne skonken troch in parochiaan. De lytse tsjerkemienskip fan Wytmarsum is bliid mei de nije keunstwurken.
De yn Skotlân wenjende keunstner Koert Linde hat de nije staasjes makke. Kommende freed, Goedfreed, binne de staasjes foar it earst te besjen.