Aldproffuotballer frijsprutsen

19 mrt 2008 - 13:57

Ald-proffuotballer Romano S. is troch de rjochtbank fan Ljouwert frijsprutsen fan it stellen fan in pinpas. Neffens in frou út Drachten soe S. har pas stellen ha om der 7.000 euro mei op te nimmen.

De âld-fuotballer fan Ajax en Grins seit dat de frou de pas oan him joech om jild op te nimmen dat hy earder oan har liende. De rjochtbank fûn it ferhaal fan de frou ûnfoldwaande bewiis foar in feroardieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)