BV Sport is foar topsporthal

19 mrt 2008 - 12:24

BV Sport wol dat der gau in topsporthal yn Ljouwert komt. Neffens de BV Sport is de Súdlânnen of de Werpsterhoeke in goeie lokaasje foar sa'n topsporthal.

Ferienings lykas basketbalklub Aris, de hânballers fan LHS en foljebalklub Ljouwert soene fan de hal gebrûk meitsje kinne. Mar der kin ek in iishal bykomme. Earder joech wethâlder Marco Florijn oan dat Ljouwert in bettere topsportkultuer krije moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)