Aldehou Ljouwert earder iepen

de Aldehou
De Aldehou yn Ljouwert kin dit jier earder beklommen wurde. De toer giet oars pas op Keninginnedei iepen, mar dit jier kinne minsken op Goed Freed en yn it Peaskewykein al omheech.
Fan 1 april ôf kin de toer wer alle dagen tusken 14.00 en 17.00 oere beklommen wurde. De VVV beheart de toer dit jier foar it lêst. Oar jier is dat mooglik oars om't de gemeente en de rotaryklub it ynterieur fan de toer oanpasse wolle.