Mear topsport yn Ljouwert

Wethâlder Marco Florijn
Topsport moat in folle grutter plak yn Ljouwert ynnimme. Dat fynt wethâlder Marco Florijn. De gemeenteried fan Ljouwert fynt oant no ta de ûntwikkeling fan breedtesport folle belangriker. Florijn sjocht dat bygelyks basketbalklub Aris en hânbalklub LHS wol in soad ambysje hawwe, mar net de goeie akkomodaasje.
Hy sjocht kânsen foar in topsporthal yn de nije wyk Súdlannen.