Túnsintrum Hommerts oernommen

18 mrt 2008 - 16:18

It fallite túnsintrum fan De Hommerts is oernommen troch Groenrijk Hans Menken fan de Haule. It túnsintrum is al in pear wike ticht, mar de ferwachting is dat se de doarren begjin april wer iepen dwaan sille. Der hat ek al in petear mei it personiel west en dy komme no allegear yn tsjinst fan de nije eigner.

Menken hat al 19 jier in túnsintrum yn De Haule en socht al langer nei útwreidingsmooglikheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)