'Fryslân is A-merk'

© Omrop Fryslân
Fryske bedriuwen moatte grutsker wêze op wat se dogge. Dat sei boargemaster Crone tiisdeitemiddei by de iepening fan de Fryske bedriuwekontaktdagen yn it WTC/Expo yn Ljouwert. Neffens Crone hat in grut tal Fryske bedriuwen sels net troch wat foar moaie dingen se meitsje en dogge. Dat is spitich, want Fryslân is neffens de boargemaster in A-merk.
De bedriuwekontaktdagen wurde foar de 25ste kear organisearre.