Garaazje Frjentsjer skoart 9,5

18 mrt 2008 - 13:27

Garaazjebedriuw Kuiken út Frjentsjer hat mei in 9,5 de heechste wurdearring krigen yn in ûndersyk fan de ANWB nei grutte ûnderhâldsbeurten. It gemiddelde sifer by de stekproef ûnder 91 bedriuwen yn Nederlân kaam út op in 6,4. Dat wie yn 2005 noch in 5,6.

By tsientallen bedriuwen waarden ûnderdielen op de rekken setten dy't hielendal net ferfongen wiene. De meast foarkommende flater wie it net goed ôfstellen fan koplampen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)