Fryslân krijt 1,1 miljard

Eurlings makke ôfspraken mei de provinsjes oer de besteging fan de Suderseemiljarden
Fryslân krijt 38 persint fan de 2,8 miljard euro kompensaasjejild foar de Suderseeline. Grinslân krijt 48% en Drinte en Flevolân 14%. Minister Eurlings fan ferkear en de noardlike deputearren binne dat tiisdeitemoarn oerienkommen. It akkoart moat noch goedkard wurde troch provinsjale steaten en de Twadde Keamer.
It Fryske jild wurdt û.o. bestege oan de berikberens fan Ljouwert, de rotonde by De Jouwer en it spoar.