Protterpleach yn Frjentsjer

18 mrt 2008 - 09:49

Frjentsjer hat wer kloften protters op besite. Alle jûnen fleane der tûzenen fûgels om de toer fan de Martinitsjerke hinne. Dêrnei waaiere se út nei alle hoeken fan de stêd. Tsjin de nacht jouwe se har tsjotterjend del yn de beammen fan de Martenatún.

De measte ynwenners fan Frjentsjer genietsje en se akseptearje de stront op de ruten en auto's. Oaren besykje de fûgels fuort te jeien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)