Fean-keeper yn ûnsekerheid

Brian Vandenbussche bliuwt noch yn wykmannich yn ûnsekerheid
Hearrenfean-keeper Brian Vandenbussche moat noch oant 14 april wachtsje foardat de rjochtbank in útspraak docht oer in fjochtpartij yn 2001 dêr't hy by belutsen wie. De saak tsjinne moandei yn België, mar it Hof felde noch gjin fonnis.
De Belch krige yn 2004 ûnder betingst in selstraf oplein foar belutsenheid by in kafeerúzje. Troch de spanning sit de keeper foarearst frijwillich op de bank.