Ljouwert wol ôf fan keapjûn

Neffens Bos is dy iene keapjûn net oantreklik genôch.
De fêste keapjûn op tongersdei yn Ljouwert moat ferdwine. Dat fynt foarsitter Eric Bos fan de Ljouwerter ûndernimmersferiening LEON. Neffens Bos is dy iene keapjûn net oantreklik genôch foar klanten.
Om de konkurrinsje mei grutte winkels bûten it sintrum oan te kinnen, soene de winkeliers de saak alle dagen wat langer iepen hâlde moatte.