Gjin Fryske artysten nei Sina

17 mrt 2008 - 22:53

In reis fan in Fryske kulturele delegaasje nei Sina giet net troch. De band Souldada en de Boalserter skotsploech soene yn maaie optrede yn de provinsje Sichuan, dêr 't Fryslân nauwe bannen mei hat.

De reis is in gefolch fan de eardere hannelsdegelaasjes nei Sichuan. Om ûnbekende redenen is der al in skoft gjin kontakt mear mooglik mei de organisaasje fan de kulturele útwikseling. It plan is dêrom skrast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)